Provinsje wol maksimumsnelheid werombringe nei 120

© ANP
De snelheid op Fryske sneldiken giet mooglik omleech fan 130 nei 120 kilometer yn it oere. De provinsje wol dêrfoar pleitsje yn Den Haach. Sûnt 2012 mei der op guon sneldiken yn Fryslân 130 riden wurde. Mar mei in legere snelheid stjitte auto's minder co2-gassen út en dat is better foar it miljeu, fynt de provinsje. Ek soene diken dêr't je 130 ride meie, ûnfeiliger wêze.
It tal slimme ûngemakken is omheech gien fan trije nei 33 en it tal ferkearsslachtoffers fan ien nei fjouwer. Oft de snelheid ek werklik ferlege wurdt, is noch mar de fraach; de maksimumsnelheden binne lanlik fêststeld.