Bisten fergiftige by Boyl, plysje siket tsjûgen

30 sep 2016 - 14:23

De plysje is op syk nei minsken dy't mear ynformaasje hawwe oer de fergiftiging fan ferskate bisten yn 'e omjouwing fan Boyl. Ofrûne moandei melde in ynwenner dat der yn 'e greide by de Boylerwei in deade das en in deade kat leinen. Nei ûndersyk fan de plysje die bliken dat de deade das yntusken ferdwûn wie. Wol fûn de plysje oare deade bisten, en in fernielde dasseboarch.

Nei ûndersyk fan de plysje en de FUMO die bliken dat de bisten fergiftige wiene. De plysje freget minsken dy't mear ynformaasje hawwe, kontakt op te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)