"Swarte Pyt is Swarte Pyt en dy moat moai Swarte Pyt bliuwe"

30 sep 2016 - 13:33

"Swarte Pyt is Swarte Pyt en dy moat moai Swarte Pyt bliuwe!" Dat wie ien fan de opmerkingen op de Ljouwerter freedsmerk oer in rapport fan de Kinderombudsman. Dêryn stiet dat it fenomeen Swarte Pyt yn striid is mei de ynternasjonale rjochten foar bern.

Donkere bern wurde geregeld diskriminearre en pesten fanwege Swarte Pyt en dêrom moat it personaazje feroarje, stelt de berneombudsman. Op de freedsmerk waard hjir hiel ferskillend oer tocht.

"Helje dat 'swart' der mar foar wei, dan wurdt it gewoan 'Pyt', dan bin je der toch?", seit ien. In oar stelt: "Miskien spilet it wol yn Amsterdam of Rotterdam dêr't in protte donkeren binne, mar hjir net." Oan de oare kant begjinne guon minsken wol hieltyd mear te twiveljen, sa die bliken. "We bedoele der niks ferkeards mei, mar as it dat effekt al hat, tsja". En: "It kin nea de bedoeling wêze dat troch in bernefeest guon bern kwetst wurde."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)