Nij dak foar swimbad De Bildtse Slag yn Sint-Anne

30 sep 2016 - 12:57

Der sit wer in dak op swimbad De Bildtse Slag yn Sint-Anne. Yn juny seage de brânwacht it âlde dak kapot. It dak drige doe nei ûnderen te stoarten troch de druk fan in plasse reinwetter. In gefaarlike situaasje, want krekt dêrfoar swommen der noch trije minsken yn it wetter.

Direkteur Jelte Dijkstra tinkt net dat der in skuldige oan te wizen is. Oarsaak fan it trochsakjende dak wie de lym yn de draachkonstruksje. Die wie nei fjirtich jier oplost. Neffens Dijkstra hie hy dat net witte kind, want it is nea earder bard en der wie neat oan de draachkonstruksje te sjen.

It gebou stiet no noch yn de stegers. Mar op 14 novimber sil de fernijde Bildtse Slag wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)