Foarút mei de Handel: 9 kilometer lang, 500 organisaasjes

Oer in wike, op freed 7 oktober, giet nei jierren fan tarieden, ûntwerpen en bouwen dan einlik de folsleine Sintrale As iepen foar ferkear. De dyk tusken Dokkum en Aldegea moat it noardlike part fan ús provinsje better mei-inoar ferbine en in ympuls jaan. Mei dy ynstek wurdt dizze sneon ek it projekt Foarút oer de as mei de Handel organisearre: in hannelsrûte foar ûndernimmers út Noardeast-Fryslân fan mar leafst njoggen kilometer, opset mei it doel om it bedriuwslibben op 'e kaart te setten.
Mar wat is der sneon eins allegear te belibjen? En hokker bedriuwen stean der no eins yn dy kilometerslange hannelsrûte? Wy leinen de organisaasje fan Foarút oer de as mei de Handel de folgjende fragen foar.
Wat is no krekt de bedoeling fan it projekt?
''Foarút oer de as mei de Handel is foar ús in unike mooglikheid om de hannel op 'e kaart te setten. Der is yn de tarieding gearwurke mei in hiel soad partijen, wêrûnder ferskate ûndernimmingsferieningen. De reaksjes binne tige posityf. De besikers kinne sneon fan 10:00 oant 16:00 oere terjochte op it nije trajekt fan de Sintrale As, fan Feanwâlden oant Sumar. By dy dyk steane hûnderten bedriuwen, organisaasjes en sportferieningen. Se meitsje promoasje en jouwe demonstraasjes, mar der is ek in rommelmerk, muzyk en teäter. Wy wolle sjen litte wat Fryslân te bieden hat!''
Hoefolle organisaasjes steane der eins?
''Yn totaal steane der mear as fiifhûndert organisaasjes. Dan kinst bygelyks tinke oan bedriuwen, mar ek oan sportferieningen, skoallen en kulturele ynstellings. Der hawwe har al safolle organisaasjes oanmeld, dat wy in pear wiken lyn al fol sieten. Der koene net mear bedriuwen by. De belangstelling foar it evenemint is enoarm. Freed binne wy al begûn mei de opbou fan in tal grutte poadiums. Sneon fan 06:00 oere ôf bouwe de ferskate organisaasjes harren stands op.''
In rûte fan 9 kilometer, dat is in hiel ein?
''Dat is it seker. Der wurdt dan ek spesjaal rekken hâlden mei it ferfier fan de besikers. Op 'e hannelsrûte sels wurde bedriuwsauto's ynset om de besikers nei de ferskate haltes te bringen. In trajekt fan 9 kilometer is natuerlik enoarm. Dêrneist set Arriva fan Dokkum, Drachten, Bûtenpost en Oentsjerk pindeltsjinsten yn om reizgers nei de startpunten fan 'e rûte te ferfieren. Foar ien euro wurde de besikers dan nei de Sintrale As riden.''
Hoefolle besikers ferwachtsje jimme sneon?
''It hinget benammen fan it waar ôf. Wy ferwachtsje yn elts gefal oer de 20.000 besikers hinne te gean, dy't der ferline wike ek wiene by in evenemint Sport op de As. Mar it soene der samar mear wêze kinne, de positivisten ûnder ús tinke dat der by moai waar miskien wol 40.000 oant 50.000 besikers komme. It is natuerlik ek in unike kâns om der by te wêzen, want folgjende wike giet de dyk iepen.''
Ek Omrop Fryslân makket sneon diel út fan Foarút oer de as mei de Handel. Sa presintearret Diana de Groot fan 13:00 oant 18:00 oere op lokaasje it programma Sneon yn Fryslân op Omrop Fryslân Radio. It programma is fansels ek te folgjen op Omrop Fryslân Telefyzje.