Sylskip slacht om op de Iselmar, twa minsken te wetter

30 sep 2016 - 12:41
  • Anna Dorothea rêdingsboat KNRM

Op de Iselmar by De Lemmer binne twa minsken út it wetter rêden. It giet om de opfarrenden fan in sylskip, dat troch noch ûnbekende oarsaak omsloech. De twa waarden út it wetter helle troch de rêdingsboat fan De Lemmer. De bemanning dêrfan hat yntusken it sylskip wer oerein krigen en de ôfbrutsen mêst út it wetter helle.

It skip wurdt mei nei De Lemmer naam. Foar safier bekend hawwe de opfarrenden neat oan it aventoer oerhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)