Accolade: ''Bewust keazen foar ien lift''

Wenningkorporaasje Accolade hat by de bou fan it appartemint Nieuw Eilandburen op It Hearrenfean yn 2014, bewust keazen foar mar ien lift. Der is wol praat oer in twadde lift, mar dat waard te djoer. Dat seit wurdfierder Irene Willems fan Accolade. Se reagearret op it ynsidint fan ferline wike. De 48-jierrige Gea Prins dy't wennet op de njoggende etaazje yn de flat Eiland Nieuwburen koe doe net boppe komme, omdat de lift it net die.
In monteur fan it liftbedriuw, Schindler, woe de frou net helpe om't syn tsjinst der op siet. Ek Accolade kaam dy jûn net yn aksje. De wenningkorporaasje fynt it in hiel ferfelende situaasje en is der ek fan skrokken. Accolade sil mei de bewennerskommisje om tafel en mei it liftbedriuw om nije ynsidinten foar te kommen.