Opbringst sûkerbiten falt leger út troch wiete maitiid

30 sep 2016 - 11:44

De opbringst fan de sûkerbiten leit dit jier wat leger as oare jierren. Dat seit boer Lourens Olivier fan Hallum. De grutste reden dêrfan is de wiete maitiid. Dêrtroch binne de biten letter siedde yn it lân. Fryslân docht it wol better as de rest fan it lân. Yn it suden wie de wetteroerlêst noch folle grutter.

De bitekampanje is op dit stuit drok oan de gong. Frachtauto's ride oan en ôf om de biten nei it fabryk fan de Suikerunie yn Grins te bringen. Dat betsjut ek dat kraanmasinist Gerrit de Vries fan Hallum it drok hat.

Mei syn soan is hy de iennichste yn Fryslân dy't de biten fan it lân fan de boer yn de frachtauto's fan de Suikerunie pleatst. De Vries wurket dei en nacht. Hy docht dit wurk al hast 40 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)