Betize Ljouwerter falt en wurdt lilk

30 sep 2016 - 10:33

De plysje hat freedtemoarn betiid de hannen fol hân oan in 28-jierrige man út Ljouwert. Hy wie op it Ruterskertier efkes nei healwei fjouweren mei de holle op 'e grûn fallen. Doe't omstanners him helpe woene, waard er lilk. De plysje besocht de man wer wat rêstich te krijen, mar dat slagge net en hy foel wer.

De Ljouwerter wie behoarlik yn 'e war. De plysje koe him úteinlik mei geweld ûnder kontrôle krije. De man is dêrnei troch in dokter ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)