Wyldernis ûnderfine yn it Drents Friese Wold

02 okt 2016 - 09:08

Yn de takomst kin je yn it Drents Friese Wold in saneamde 'wilderniservaring' opdwaan. It Drents Friese Wold is it grutste oanien sletten boskgebiet fan Nederlân. De provinsjes Fryslân as Drinte besykje mei de natuerbehearders it gebiet nei in heger plan te tillen. De wyldernisûnderfining is ien fan de plannen hjirfoar. It gebiet 'Oude Willem' is dit jier foar it lêst yn gebrûk foar lânbou en sil dernei sa ynrjochte wurde dat it bydraacht oan de wyldernisûnderfining fan de besiker.

Sels ûnderfine

Wyldernisûnderfining, dat wurd prikele de nijsgjirrigens fan ferslachjouwer Remco de Vries. Remco wit wat wyldernis is. Al 30 jier bringt hy syn fakânsjes troch yn de Noarske bergen, allinne, mei syn rêchsek en in tintsje. Soe hy dy ûnderfiningen yn de takomst ek yn it Drents Friese Wold fine kinne? Foar ien kear krige Remco tastimming om in nacht syn tintsje op te slaan yn de bosk. Ien definysje fan wyldernis is neffens Remco dat je allinne binne yn de natuer en dat je allinne lûden hearre út de natuer. Yn it Drents Friese Wold is it nachts reedlik stil, mar hearst dochs yn de fierte auto's riden, hearst fleantugen oerkommen en Remco makke mei dat in groep pubers loslitten waard foar in dropping.

Oude Willem

De 'Oude Willem' wie eartiids in beekdelling. Om dy geskikt te meitsjen foar lânbou is er doetiids ûntwettere. Dit wurdt weromdraaid. Sleatten sille dimpt wurde, der sil in natuerlike slink komme en de natuer mei mear syn gong gean. Boskwachter Corné Joziasse fan Steatsboskbehear leit út wat yn de takomst dan krekt dy wyldernisûnderfining wêze sil: "Dat je het idee hebt dat het groots is, dat het niet een postzegel bos is waar je doorheen loopt. Dan loop je dus echt door 6.000 hectare natuur".

Yn twa reportaazjes kin je Remco syn ûnderfiningen meimeitsje. Dizze en nije wike yn Buro de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)