Twahadige direksje Thialf makket plak foar ien direkteur

Thialf krijt takom jier in nije direksje. Dy bestiet no noch út twa minsken, mar dy sille yn it earste fearnsjier fan 2017 it fjild romje foar ien. Wa't dat wurdt, is noch net bekend.
De besteande direksje bestiet út Eelco Derks en Willem Jan van Elsacker. Derks is sûnt 2012 direkteur, in jier letter kaam Van Elsacker derby om de ferbouwing fan it stadion yn goeie banen te lieden.
Sels seit Eelco Derks: "Ik laat Thialf mooier achter dan ik het aantrof. Het schaatsmekka van de wereld is klaar voor de toekomst. Met trots kijk ik terug op mijn periode bij Thialf. Maar ook ik hou van nieuwe uitdagingen en dit is een mooi moment om te wisselen. Ruimte maken voor nieuw leiderschap van Thialf en daardoor ook ruimte voor een nieuwe stap in mijn leven."
Logyske stap
Neffens Van Elsacker is de direksjewikseling in logyske stap. "Thialf had eerder ook één directeur, dus we gaan nu weer terug naar de oude situatie". Beide direkteuren hawwe in hektyske perioade hân by Thialf en dogge it foarearst rêstich oan. "Even op adem komen en dan gaan we kijken wat de volgende stap wordt. Het waren zware jaren", sa seit Van Elsacker.
Under lieding fan Van Elsacker is de ferbouwing fan it iisstadion op tiid, binnen it budzjet en neffens ôfspraken ferrûn, sa lit Thialf witte. De direksjewikseling giet yn oerlis mei de ried fan kommissarissen en de oandielhâlders. Dat binne de provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean.