Kollum: "Fort Vindicat"

30 sep 2016 - 08:20

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"Ik hâld net sa fan klupkes. Klupkes binne groepen minsken dy’t om harren sels in stek delset ha. En dan heare je derby of net.

Dat stek bestiet by de ien út hast neat: soms is kontribúsje genôch om derby te hearen. Mar it is ek wolris oars. Bygelyks by it studintecorps. En dan ha ik it net oer in sjongklupke, mar oer Vindicat.

Vindicat is it studintecorps fan Grins. En se wiene dizze wike yn it nijs.

[Nijsfragmint: In studint is op syn holle slein en earder wie der in bangalist fan Vindicat-famkes.]

In jonge is sa hurd op syn holle slein, dat er nei it sikehûs moast. En dat barde by de ûntgriening. En de ûntgriening is dus it stek fan Vindicat: dêr moast trochhinne om derby te hearen.

Mar ‘stek’ is hjir in eufemisme. Want Vindicat hat mear fan in fort. Want dy ûntgrieningen binne miskien berucht, mar jo moatte ek nochris in kontrakt tekenje dat alles wat by Vindicat bart, ek by Vindicat bliuwt. Asto ferhalen nei bûten bringst as Vindicater, krijsto in boete fan 25.000 euro. Saakjes losse se yntern op. En sa docht nimmen dus oanjefte fan misstannen.

In soeverein fort. Ik ha yn Grins studearre, mar mei Vindicaters ha ik eins neat te krijen hân. Ik studearre oan de Faculteit der Letteren, en dêr sitte se net. Se sitte by ‘Rjochten’ en ‘Bedriuwskunde’.

[Fragmint: Ut ûndersyk docht bliken dat twatredde fan de ynfloedrike Nederlanners út it bedriuwslibben lid west hat fan in studinteferiening.]

Of sa’t Vindicat sels op syn webside seit: ‘De vriendschappen die ontstaan uit huizen en jaarclubs blijken door de jaren heen ontzettend hecht. Bij Vindicat maak je vrienden voor het leven!’

Ast de ûntgriening dus oerlibbest. De webside Studenten.net hat fiif jier lyn ris op in rychje setten wat de tsien slimste ynsidinten by ûntgrieningen west hawwe yn Nederlân. Grins stiet der fjouwer kear yn, mei op 1: in deade.

Yn 1997 stjert in 18-jierrige studint nei it drinken fan in liter jenever. Hy moast dêrmei bewize dat er geskikt wêze soe om yn in hûs fan Vindicat te wenjen.

Ik kin my herinnerje út myn studintetiid dat ús stúdzjeferiening - dat is dus wat oars as in algemiene studinteferiening - troch in kommisje fan de universiteit by harren roppen waard, om útlis te krijen oer wat al en net mei by ûntgrieningen. Dy kommisje wie der kommen nei de dea fan de studint.

Vindicat, de gemeente Grins en it bestjoer fan de universiteit en de hegeskoalle ha dizze wike wer byinoar sitten.

[Nijsberjocht: De ûntgrieningen moatte ophâlde en der moat in kultuerferoaring komme.]

Boargemaster Peter den Oudsten wol it net mear, dy ûntgrieningen.

Mar Vindicat sels omskriuwt it op syn webside in lyts bytsje oars: dat der in kommisje komt. Dy’t him bûge sil oer de kultuer by ûntgrieningen.

Ja, ja. Sa feroaret der dus nea wat, by Fort Vindicat. En wachtsje we op de folgjende deade studint yn Grins. Ik ha mar net útsocht oft de boargemaster en de bestjoerders fan de universiteit of de hegeskoalle sels ek âld-Vindicatters binne. Mar ik hâld net sa fan sokke klupkes."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)