13-jierrige jonge sûnt tongersdeitemiddei fermist

29 sep 2016 - 22:27

Sûnt tongersdei wurdt in 13-jierrige jonge fermist. Hy is dy middeis fuortgien út Ljouwert om nei Stiens te gean, mar is dêr net oankaam. De jonge is 1.60 meter lang en hat koart ljocht hier. Hy hat in swarte trainingsbroek oan mei in gat op de rjochterknibbel en swarte Adidas-gympen mei wite strepen. Fierders hat er in wyt fest mei swarte stippen oan en dêroerhinne in grien legerjack. Hy hat in swarte rêchsek by him en fytst op in grize frouljusfyts (Batavus) mei in giel hingslot.

Wa't tinkt de jonge sjoen te hawwen kin belje mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)