Mei-inoar yn de kunde komme op grutte diners

29 sep 2016 - 22:16

Mei syn allen mei-inoar ite en mei elkoars wrâld yn de kunde te kommen. Dat wie tongersdeitejûn it doel fan it Grut Ljouwerter Diner. Op de Twibaksmerk stiene lange tafels dêr't sawat 1000 minsken oan sieten te iten. Dêr wiene net allinne bekende Friezen, bestjoerders, direkteuren en politisy. Ek minsken mei in smelle beurs wiene útnûge foar dit miel, dat foar de twadde kear yn de Ljouwerter binnenstêd hâlden waard.

Under it motto 'iten ferbynt' sil der tenei ek yn oare wiken fan de stêd sokke kulinêre evenimenten komme.

Yn Dokkum en Drachten koene minsken tongersdei ek oanskowe oan lange itenstafels sadat gjinien allinnich hoegde te sitten. De mienskiplike iterij fûn plak yn it ramt fan de 'Wike fan de iensumens'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)