Flinke blikskea by botsing yn Damwâld

Flinke skea, mar gjin ferwûnen by ûngelok yn Damwâld © De Vries Media
By in botsing yn Damwâld hawwe tongersdeitejûn twa auto's flinke skea oprûn. De oanriding wie op de krusing tusken de Haaijehoeke en de Willemstrjitte. De plysje tinkt dat de bestjoerders inoar oer de holle sjoen hawwe. Gjinien rekke ferwûne by de oanriding.
Neidat de plysje de tadracht ûndersocht hat, binne de auto's troch in berger fuortsleept.