Talant begjint mei sliepsintrum foar kliïnten

29 sep 2016 - 21:55

Talant begjint yn oktober mei in ekspertizesintrum foar sliep. Min sliepe soarget foar klachten lykas wurgens, konsintraasjeproblemen en depressiviteit. Dêrom docht Talant sliepûndersyk by de kliïnten. Dêrby wurdt ek in sliephorloazje brûkt. Dat apparaat mjit sliepe, ljocht en beweging, en bringt dêrmei it sliepritme yn byld.

De behanneling kin ek bestean út ekstra aktiviteiten oerdeis, sadat de wurge kliïnten jûns better sliepe. No is it faak sa dat se oerdeis in knipperke dogge, mar dat hâldt it minne sliepen nachts yn stân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)