Rienk skriuwt blog oer libjen mei in dwerslaesy

29 sep 2016 - 21:34

"Net dat it slim is, mar it kostet in protte enerzjy om hieltyd wer te fertellen hoe't it is". De 23-jierrige Rienk Rozema fan de Falom hat in dwerslaesy nei in auto-ûngelok. Yn maart dit jier wykte er flakby syn hûs út foar in ein op de dyk, ramde in beam en rekke swier ferwûne. No, in goed healjier letter, sit er yn in rolstoel en wol er syn erfaringen diele. Hy begjint in blog. Nei takom wykein komt syn earste ferhaal derop. Dat giet oer hoe't er de dei fan it ûngelok belibbe

Rienk is ek al wer mei rydlessen begûn yn in oanpaste auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)