Sven Kramer slút staking ûnder reedriders net út

Sven Kramer © Omrop Fryslân
Sven Kramer slút net út dat de reedriders stake sille as aksje yn it konflikt mei it reedrydbûn KNSB. Ynset fan it konflikt is de ferdieling fan it jild fan de KNSB. "Ik kin my yntinke dat der meikoarten in moasje fan wantrouwen yntsjinne wurdt", sei Kramer tsjin de NOS.
De KNSB moast de lêste pear jier 4,5 miljoen besunigje. Se ûntsloegen personiel en stelden minder jild beskikber foar preemjes foar topreedriders, talintûntwikkeling yn de gewesten en de tsjinstferliening oan de teams.
"It giet net allinnich om it topreedriden. Der is folle mear oan de hân", seit Kramer. "De KNSB sit yn in ivoaren toer, mar moat werom nei de kearn. It fertrouwen is lykwols benammen de lêste wiken sa bot skeind, dat in takomst hiel dreech leit". Kramer en in soad fan syn kollega's hawwe ûndertusken alle kommersjele aktiviteiten foar de KNSB en haadsponsor KPN foarearst ôfsein.