Teaterkuier Wie is de Meu foar skoalbern yn Ljouwert

29 sep 2016 - 20:32

Bern fan de groepen 7 en 8 fan de Ljouwerter basisskoallen dogge nije wike in teaterkuier troch de stêd. Dy hat de namme 'Wie is de Meu'. De bern gean by histoaryske plakken del. Sa treffe se Marijke Meu, of sa't se echt hjit Maria Louise van Hessen Kassel yn it Stedhâlderlik Hôf. Sy freget de bern har te helpen om har famylje en freonen te sykjen. Mei-elkoar rinne se dan by njoggen plakken del, lykas de Grutte Tsjerke en it Prinsessehof.

Wie is de mol

Der sit ek in link yn mei it programma 'Wie is de mol'. Bern krije hjir en dêr ferkearde ynformaasje en kinne oare groepen op 'e doele bringe.

Eigen ferline

'Wie is de Meu' slút oan by it tiidrek 'Pruiken en Revoluties 1700-1800' dat yn de lesmetoades op skoalle oan bod komt. It makket Fryske learlingen bewust fan spoaren fan de 18e ieu yn de eigen wenomjouwing. It giet dêrby net allinnich om skiednis, mar ek om ierdrykskunde, taal en keunst. Dêrneist wurde de bern harren bewust fan de Fryske foarâlden fan kening Willem-Alexander.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)