Klanten kinne nijste fyts besjen mei futuristyske bril

29 sep 2016 - 19:49

It Snitser bedriuw Snakeware en fytsefabrikant Batavus hawwe in vitual reality-bril ûntwikkele. Klanten dy't de 'hololens' opsette, sjogge it nijste ûntwerp fan Batavus, de Bryte. Op termyn kinne minsken alle fytsen dy't Batavus - en letter ek oare bedriuwen - produsearret mei de VR-bril besjen.

Besikers fan de Dei fan de Ynnovaasje yn it Adverium yn Drachten koene de nije fyts fan Batavus tongersdei foar it earst mei de hololens besjen. Op 12 novimber is it type 'Bryte' pas yn it echt te sjen.

De Dei fan de Ynnovaasje is in inisjatyf fan de Keamer fan Keaphannel. Hy waard foar de twadde kear organisearre. Ferskate bedriuwen dy't mei fernijing dwaande binne, stiene mei harren produkt yn it Adverium yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)