Arriva stekt miljoenen yn nije bussen

29 sep 2016 - 19:27
  • Untbleating fan Arrivabus mei portretten fan Friezen

Ferfiersbedriuw Arriva hat 60 miljoen ynvestearre yn nije bussen foar Fryslân en Limburg. Arriva krijt yn desimber Súdeast-Fryslân en de Waadeilannen derby en hat dêrfoar nije bussen nedich. Foar Fryslân hat it bedriuw 62 bussen besteld, foar Limburg 166. De bussen wurde boud troch VDL op it Hearrenfean. Tongersdei waard it kontrakt fan Arriva mei VDL tekene.

Op de Fryske bussen stean 250 portretten fan bekende en minder bekende Friezen. Arriva sil op de Waadeilannen fjirtjin elektryske bussen ynsette.

Neffens Arrivadirekteur Anne Hettinga hawwe elektryske bussen de takomst. Fan skealike útstjit lykas by disels is gjin sprake en boppedat binne bussen dy't elektrysk ride, folle stiller. Arriva rydt fan desimber ôf wer yn hiel Fryslân, lykas yn it ferline.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)