Finzenisstraf easke foar oansetten famke (15) ta prostitúsje

29 sep 2016 - 18:39

Tsjin twa Bulgaren fan 37 en 32 jier is yn heger berop 3,5 jier sel easke foar seksule eksploitaasje fan in Bulgaarsk famke fan 15 jier. Dat barde yn Ljouwert.

It duo naam it famke mei út Bulgarije, mei it plan om har yn Ljouwert as prostituee wurkje te litten. Se joegen har mem jild en lieten har, wylst sy net lêze koe, in kontrakt tekenje, sûnder dat se wist wat dêryn yn stie. De rjochter docht oer twa wike útspraak yn dizze saak.

It Iepenbier Ministearje hie gjin goed wurd oer foar it hanneljen fan de Bulgaren. Se hawwe op in tige fyn ynleine manier it famke út har situaasje yn Bulgarije helle om har yn Nederlân út te rûpeljen.

Ofhinklik

De fertochten binne mei it famke fia België nei Nederlân riden. Yn België is har yn in seksklup foardien hoe't se seks hawwe moast mei klanten. It famke wie folslein ôfhinklik fan de fertochten. Se koe gjin wurd Nederlânsk en wie net bekend mei de omstannichheden yn ús lân. De fertochten hiene har de identiteitspapieren ek ôfnaam.

"Twa jier is te leech"

De advokaat-generaal yn it heger berop fynt dat in hegere straf passend is as de twa jier dy't de rjochtbank oplein hat. It giet om minskehannel fan in famke dat noch mar 15 jier âld is. Se is lichaamlik en geastlik skeind. De manlju hawwe it famke brûkt om jild mei te fertsjinjen. Fan in straf yn sa'n gefal moat in dúdlik sinjaal útgean nei de maatskippij en nei dejingen dy't harren skuldich meitsje oan minskehannel, fynt de advokaat-generaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)