Cambuur set Barto op de bank

Martijn Barto is syn basisplak by Cambuur wer kwyt. Yn de útwedstriid tsjin MVV moat de spits plakmeitsje foar Jerge Hoefdraad. In taktyske set, sa seit trainer Rob Maas, dy't Sander van der Streek fan links ôf spylje lit en Ricardo Kip op de nûmer tsien-posysje set.
Maas ferwachtet in "tweede ballen-wedstrijd" en fynt Hoefdraad yn dat konsept better passen as Barto. "Een moeilijke keuze" sa sei Maas,"maar dat hoort bij topsport." By winst komt Cambuur op likense hichte mei de ploech út Maastricht en hat dêrmei ek oansluting by de subtop.