Hoe't Margaretha Zelle Mata Hari waard yn nije brieven

29 sep 2016 - 16:58

Hoe't Mata Hari derta kaam is om har jild te fertsjinjen mei neaken posearjen en dûnsjen. Dêr jouwe de brieven dy't letterkundich sintrum Tresoar krigen hat in antwurd op. Dus eins hoe't se fan Margaretha Zelle ta Mata Hari waard, sa't we har allegear kenne. Ttongersdei waard it boek presintearre dat oan de hân fan dy brieven en foto's makke is. It hjit 'Denk niet dat ik slecht ben.' It jout in byld fan in skieden frou oan it begjin fan de 20e ieu, dy't dreech rûn komme kin op in fatsoenlike wize.

Famylje hat brieven lang geheim hâlden

De skinker fan dy brieven en fan fjirtjin ûnbekende foto's, Edmond Angenot, is de achterpakesizzer fan de neef fan de eks-man fan Margaretha Zelle. Se hawwe it salang stilhâlden, om't de famylje him skamme. Net foar Mata Hari, mar foar har man, dy't gokte, dronk en skulden hie. Mata Hari skreau de measte brieven oan de neef, by wa't se help socht. Har eks-man betelle nei in skoft ek gjin alimintaasje mear.

Fan Margaretha Zelle nei Mata Hari

"Yn 1903 skriuwt se noch: 'Ik wol net neaken posearje', mar we witte dus dat se yn 1905 beroemd waard as de eksoatyske en neakene dûnseres op toaniel, as Mata Hari", fertelt Lourens Oldersma fan Tresoar. Hy is tige optein dat se de 42 brieven en fjirtjin foto's krigen hawwe. "Soks meitsje jo mar ien kear yn jo libben mei", seit Oldersma.

Mata Hari is hot!

Dizze wike is it boek De Spion útkaam fan skriuwer Paulo Coelho oer Mata Hari. En dêr komt nij wike freed in Fryske oersetting fan út. Neffens de útjouwer hie Coelho de brieven ek wol brûke wold foar syn boek. Mar dy binne hjoed earst iepenbier makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)