KNSB ferheget prizejild foar profriders wer wat

29 sep 2016 - 16:40

Reedrydbûn KNSB wol it fergoeding foar langebaanriders wer wat ferheegje, fan 600.000 euro nei 770.000 euro. De profreedriders krije op basis fan harren prestaasjes jild út de preemjepot. Ferline jier ferlege de KNSB dy pot fan 1,1 miljoen euro nei 600.000 euro. De reden wie in besuniging.

De reedriders wiene lilk oer de ferleging. Sven Kramer sei dat de riders altyd opdraven komme en dat se no 45 prosint minder krije. It hâldt in kear op, sei Kramer. Mei de nije ferheging wol de KNSB de riders wer wat yn de mjitte komme.

Mei dizze oanpassings hopet de KNSB dat de lederied sneon akkoart giet mei de definitive begrutting.

Trefwurden: 
KNSB preemjepot reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)