Undernimmingsried Caparis hat gjin fertrouwen yn direkteur

29 sep 2016 - 16:21

De ûndernimmingsried fan wurkfoarsjenning Caparis hat gjin fertrouwen yn ynterim-direkteur Peter Lincklaen Arriëns. De ried seit dat der yntern in hiel soad krityk is op syn funksjonearjen. Hy kin gjin rêst bringe en is net de ferbiner dy't  it bedriuw nedich hat, sa seit de UR. 

De oandielhâlders woene it kontrakt fan de ynterim-direkteur mei seis moanne ferlinge. De UR woe maksimaal in ferlinging fan seis wiken, sadat de nije ried fan kommissarissen nei trije wiken evaluearje kin mei de direkteur. 

''Ynkoarte nei fjouwer moanne''

Neffens wethâlder Jos van der Horst fan Smellingerlân komme de oandielhâlders de ûndernimmingsried yn de mjitte. Se hawwe de seis moanne ferlinging ynkoarte nei fjouwer. Boppedat kin de nije ried it kontrakt mei Arriëns op elts momint opsizze, mei in termyn fan in wike.

Nijsbrief

Yn in ekstra nijsbrief fan de UR fan Caparis is te lêzen dat it net ferstannich is Arriëns oan te hâlden as ynterim-direkteur. ''De OR heeft laten meewegen dat Peter Lincklaen Arriëns te veel onduidelijkheid heeft laten bestaan over de voortgang van de herstructurering. Ook op vragen over andere belangrijke zaken, krijgt de OR niet altijd antwoord. Dit is zeer teleurstellend.''

Trefwurden: 
Caparis ûndernimmingsried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)