Ferwerderadiel nimt statushâlders oer fan oare gemeente

29 sep 2016 - 16:08
  • (argyffoto)

De gemeente Ferwerderadiel nimt trettjin statushâlders oer fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Statushâlders binne asylsikers dy't rjocht hawwe op wenromte. Elke gemeente moat soargje foar húsfesting, mar Tytsjerksteradiel hat dêrfoar te min huzen. Foar trettjin trettjin flechtlingen is gjin wenning beskikber. De gemeente Ferwerderadiel hat dy romte wol en nimt se dêrom oer.

De húsfêsting fan statushâlders giet ûngelyk yn Fryslân. Guon gemeenten hawwe romte, oaren net.

Neffens boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel is der yn syn gemeente mear plak foar de statushâlders fanwege de krimp. Boppedat fielt hy de ferantwurdlikens om te helpen: "Wij hebben geen azc, dus laten wij dan de statushouders nemen."

Yn Fryslân moatte dit jier 1652 statushâlders trochstreame fan in azc nei in gewoan hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)