Offalferwurker Van Gansewinkel wurdt oernommen

29 sep 2016 - 16:05

De namme Van Gansewinkel ferdwynt út ús lân. De ôffalferwurker Van Gansewinkel mei in fêstiging yn Drachten wurdt oernommen troch it Britske bedriuw Shanks. Ein oktober wurdt de nije namme bekend makke. It bedriuw wol 40 miljoen besparje en dat betsjut dat der banen ferdwine moatte. It is noch net bekend om hoefolle oft dat gean sil.

It nije bedriuw wol koprinner wurde op it mêd fan recycling en dat slút oan by de ambysje fan de regearing om Nederlân foar 2050 folslein op grûnstoffen draaie te litten, dy't opnij brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)