Piet Paulusma is op fakânsje, mar wa docht dan it waar?

30 sep 2016 - 05:45
  • Waarman Piet Paulusma
  • Waarman Jan Jonkman

Fan freed ôf is der op Omrop Fryslân Radio in wike lang in oare stim te hearren by de presintaasje fan it waar. Fêste waarman Piet Paulusma giet in wike mei fakânsje en wurdt ferfongen troch Jan Jonkman. It waar hat foar Jonkman (61) altyd in passy west. As boer yn Eagmaryp en as ballonfarder hie er alle reden om it waar skerp yn ‘e gaten te hâlden.

''Sjochst de krêft fan de natuer''

Kursussen by de Meteorologyske Tsjinst fan Schiphol soargen foar in teoretyske ferdjipping, mar in passy is it altyd bleaun. “It moaiste binne grutte tongerbuien nei in waarme simmerdei”, sa seit Jonkman. “Dan sjochst de krêft fan de natuer”.

Boer is er yntusken net mear. “Der wie gjin opfolging, en it ophâlden mei buorkjen wie bêst in emosjoneel beslút.'' As koerier mei bolle-sperma en as opropkrêft by in leanbedriuw fermakket er him prima. En de kommende wike dus, as ferfanging fan Piet Paulusma, by Omrop Fryslân op de radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)