Soarchferliener: ''Liftynsidint evaluearje mei Accolade''

29 sep 2016 - 14:30

Soarchferliener Fokus wol graach yn petear mei wenningboukorporaasje Accolade oer it liftynsidint ferline wike op It Hearrenfean. De 48-jierrige Gea Prins dy't op de njoggende etaazje yn de flat Eiland Nieuwburen wennet, koe doe net boppe komme troch in lift dy't it net die. In monteur fan it liftbedriuw, Schindler, woe de frou net helpe om't syn tsjinst der op siet. Ek de wenningboukorporaasje Accolade koe dy jûn neat foar har betsjutte.

''Heel vervelend''

"Wij vinden het heel vervelend voor Gea Prins. Het heeft wel erg lang geduurd voordat de storing werd aangepakt," sa seit wurdfierder Marcel Bellinga fan Fokus. "We weten niet wat voor afspraken er liggen met de liftbouwer, maar daar zullen we met de wooncorporatie wel naar gaan kijken."

It appartemint Nieuw Eilandburen waard boud yn 2014. Der sitte 56 apparteminten yn it gebou, 14 minsken kinne yn de flat 24 oeren deis soarch krije fan Fokus. De gemeente en Accolade beriede harren noch op in reaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)