Al 40 jier mâle saken yn Akkrum

29 sep 2016 - 14:13

In sniespektakel yn maaie en besykje it rekôr bierkratsjesjouwen te ferbetterjen, jo kinne it sa mâl net betinke of yn Akkrum hawwe se it dien. De aktiviteitekommisje Stichting Akkrum-Nes Centraal bestiet 40 jier en dêrom komt der no in jubileumboek út. Yn it boek stean foto's en knipsels dy't sammele binne troch foarsitter Hans Anker. Anker wie yn 1976 ien fan de oprjochters fan de stichting. Hy en syn broer Wim fûnen dat der mear aktiviteiten en feesten yn it doarp organisearre wurde moasten.

Oare hichtepunten wiene de romrofte 'pauzejûnen', de Oktoberfesten (ek yn maaie) en de optredens fan lanlik bekende artysten as Nick en Simon. Dit wykein binne der yn Akkrum ferskate aktiviteiten om it jubileum hinne. En op sneon is de útrikking fan it boek.

Trefwurden: 
boek aktiviteitekommisje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)