Oanriden fytser ferstoarn yn sikehûs

Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De 74-jierrige man út Ljouwert dy't ôfrûne freed swierferwûne rekke by in oanriding op de Archipelwei yn de stêd, is ferstoarn oan syn ferwûningen. Dat meldt de plysje.
De fytser kaam freedtejûn op de krusing fan de Archipelwei mei de Kastanjestrjitte en de Robert Kochstrjitte yn botsing mei in 24-jierrige autobestjoerder út Feanwâlden. De Ljouwerter waard swierferwûne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Dêr is er in pear dagen letter ferstoarn.