Fryske hegeskoallen skoare net goed yn HBO-gids

29 sep 2016 - 13:47
  • De NHL hegeskoalle yn Ljouwert

De Fryske HBO-skoallen dogge it net goed yn de jierlikse HBO-gids 2017 foar studinten. Dy gids is in wichtich helpmiddel foar oankommende studinten om in stúdzje te kiezen. Hy is basearre op enkêtes ûnder de studinten. Yn de list fan middelgrutte hegeskoallen steane de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert NHL en hegeskoalle Van Hall Larenstein ûnderoan. Hegeskoalle Stenden stiet yn de middenmoat. De kombinearre skoares fan de trije hegeskoallen soargje der wer foar dat Ljouwert min skoart yn de list fan 'goeie HBO-stêden'.

In oplieding dy't ûnder oan de list stiet, is dêrmei net per definysje in minne oplieding, mar krijt wol in minder positive beoardieling fan de studinten. NHL-opliedings dy't ûnder oan de ranglist stean, binne ûnder oare de PABO, de opliedings dosint skiednis en dosint wiskunde, pedagogyk en HBO-V. Opliedings dy't wol posityf wurdearre wurde, binne ûnder oare bestjoerskunde, ynformatika en elektrotechnyk. De seefeartskoalle op Skylge, ek ûnderdiel fan de NHL, krijt sels in poerbêste beoardieling. 

NHL: ''Ferskillen hiel lyts''

Foarsitter Willem Smink fan it kolleezje fan bestjoer fan de NHL seit yn in earste reaksje dat de studinttefredenheid by de NHL de lêste tiid omheechgiet. Neffens Smink skoart de hegeskoalle in romme foldwaande, mar op guon ûnderdielen krekt wat minder as de konkurrinsje. Smink wiist der dêrby op dat de ferskillen tusken de hegeskoallen by ferskate opliedings hiel lyts binne. De hegeskoalle hat earder dit jier bot ynvestearre yn de fasiliteiten fan it haadgebou oan de Rengersleane. Smink rekkenet der dêrom op dat de skoare fan de hegeskoalle de kommende tiid fierder omheechgean sil.

Van Hall Larenstein: ''Gjin ferrassing''

Foar Diane Keizer fan hegeskoalle Van Hall Larenstein is de lege wurdearring yn de HBO-gids 2017 gjin ferrassing. Van Hall Larenstein krige it ôfrûne stúdzjejier in soad klachten fan studinten oer te min wurkplakken en te min kompjûters op it skoalgebou yn Ljouwert. Van Hall Larenstein hat dy kapasiteit yn de skoalfakânsje mei 300 plakken útwreide. Keizer giet der dêrom fan út dat de hegeskoalle de kommende jierren better skoare sil. Ek it yn gebrûknimmen fan de Dairy Campus by Ljouwert is goed nijs foar de hegeskoalle.

Wikseljend byld by Stenden

It byld by hegeskoalle Stenden is wikseljend. Human resource management wurdt troch de HBO-gids 2017 'in prima oplieding' neamd, mar de studinten fan de hegere hotelskoalle kleie oer 'minne begelieding en minne kommunikaasje'. De Ljouwerter Akademy foar Popkultuer, ûnderdiel fan de Hanze Hegeskoalle yn Grins, stiet yn de middenmoat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)