Samsom te gast by bysûndere ledegearkomste PvdA Ljouwert

29 sep 2016 - 13:46

De PvdA yn Ljouwert en Ljouwerteradiel hat dit wykein in bysûndere, mar dochs ek persoanlike gast útnûge foar de algemiene ledegearkomste. Kandidaat-listlûker Diederik Samsom komt no sneon nei it doarpshûs De Bining yn Koarnjum. Samsom hat eartiids ek yn Ljouwert wenne. Yn de gearkomste wurde de besteande ôfdielingen fan de PvdA yn Ljouwerteradiel en Ljouwert opheft en wurdt de nije ôfdieling Ljouwert oprjochte. Dat hat te krijen mei de gemeentlike weryndieling yn 2018 en de gemeenteriedsferkiezingen takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)