Bysûndere ôfskiedsbrief fan kapitein yn Kazemattemuseum

''Beste jongens. Het is de laatste zucht voor ik afscheid neem van dit aardse leven. Jullie hebben je leven nog voor je. Jullie liefhebbende vader.'' Mei dy oangripende sinnen begjint de ôfskiedsbrief fan kapitein Christiaan Boers, dy't sûnt koart yn hannen is fan it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân.
Legerkapitein
Christiaan Boers tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch as kapitein yn it Nederlânske leger. De kapitein en syn soldaten hâlden op 'e Ofslútdyk mei súkses de Dútske soldaten tsjin. Nei de kapitulaasje gie Boers by it ferset. Hy waard oppakt troch de Dútsers en fusillearre.
Brief
Flak dêrfoar mocht er noch in brief skriuwe oan syn famylje. De ynhâld fan it brief wie wol by it kazemattemuseum bekend, mar it orizjineel wie altyd yn hannen fan de famylje. Dy hawwe it no, nei mear as santich jier, oan it museum skonken. It brief fan kapitein Christiaan Boers is tongersdeitejûn foar it earst te sjen yn it programma Stille Skatten op Omrop Fryslân.
''Wat soe ik sels skriuwe?''
Presintatrise Miranda Werkman wie bot ûnder de yndruk doe't se it brief yn hannen krige. ''Je tinke dan: Wat soe ik sels skriuwe oan myn bern as ik wist dat ik deagie? Je fiele dan it papier en witte dat kapitein Boers oan datselde papier syn lêste wurden, leafde en ôfskied fan it libben tabetroud hat. Hiel bysûnder om dat sa fêsthâlde te meien.''
Sjoch tongersdeitejûn nei it programma Stille Skatten op Omrop Fryslân Telefyzje, of besjoch no al in fragmint út de ôflevering hjirboppe of fia de programmaside fan Stille Skatten.