Fan Cambuur nei Feyenoord foar jild

29 sep 2016 - 13:04

Der wurdt freed in estafetterun holden fan it Cambuur yn Ljouwert nei it Feyenoordstadion yn Rotterdam, in ôfstân fan 265 kilometer. Doel is jild op te heljen foar de ûngenêslike taaislymsykte cystic fibrosis. Om de sykte genêze te kinnen is der mear ûndersyk nedich.

De estafette begjint om ien oere freedtemiddei yn it Cambuurstadion. De oare twa teams sette om healwei fjouweren en fjouwer oere ôf. De teams sille sa'n 24 oeren letter finishe yn Rotterdam.

Trefwurden: 
Estafetterun goed doel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)