Fakbûn uteret soargen oer feiligens op it spoar

Der binne soargen oer de feiligens op it spoar yn de noardlike provinsjes. Dat seit de Vakbond voor Rijdend Personeel yn in brânbrief oer ferfierder Arriva. Ien fan de soargen is it gebrek oan ûnderfining fan útstjoerpersoniel. Sa hiert Arriva hieltyd faker masinisten yn fia in útstjoerburo, mar dy masinisten hawwe neffens it fakbûn te min tiid harren baan goed learen te kinnen.
It fakbûn uteret syn soargen nei't de lêste tiid ferskate ynsidinten bard binne. Sa ride treinen stasjons foarby, remje se te betiid of te let, of ride se te hurd op stasjons ôf. Arriva ûntkent dat der gefaarlike situaasjes op it noardlike spoar binne.