Harns en Skylge wurkje net mei oan Fryske doarpetop

29 sep 2016 - 11:24

De gemeenten Harns en Skylge, wolle net meiwurkjen oan it útnûgjen fan har ynwenners foar de earste Fryske Doarpetop. Tsientûzen Friezen krije dizze dagen in útnûging yn de bus, om har yn te skriuwen foar de gearkomst. De bedoeling is dat tûzen Friezen mei-inoar yn petear gean oer wat sy wichtich fine foar de takomst fan it Fryske plattelân. Om de ynwenners fan de gemeenten Harns en Skylge dochs de kâns te jaan harren yn te skriuwen en mei te praten, hat de organisaasje in aparte oanmeldknop makke op de website friesedorpentop.frl.

De gemeente Harns seit in in reaksje dat Harns wat demografyske opbou en ekonomy oanbelanget mear in stêd is as in doarp. Dêrom hat it Kolleezje besletten ynwenners net út te nûgjen foar dielname.

De Fryske Doarpentop is op 5 novimber yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)