Unike brievebondel fan Mata Hari neilitten oan Tresoar

29 sep 2016 - 12:30

In nije oanwinst foar de kolleksje fan Tresoar yn Ljouwert: koartlyn krige it argyf in bondel mei 48 ûnbekende brieven fan Margaretha Zelle, better bekend as Mata Hari. Ek waarden fjirtjin orizjinele foto's neilitten. It materiaal komt út de perioade 1903-1904, doe't Zelle krekt skieden wie en nei Parys emigrearre. Yn dy stêd soe se letter oer de hiele wrâld bekend wurde as Mata Hari.

It materiaal komt út it neilittenskip fan Edward MacLeod, in neef fan de man fan Margaretha Zelle. Neffens Tresoar is it in spektakulêre fynst, om't oer dizze perioade yn it libben fan Margaretha Zelle hast neat bekend is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)