Trajekt om minsken de technyk of logistyk yn te krijen

29 sep 2016 - 11:10

Utkearingsynstânsje UWV, oplieder Technicom en útstjoerburo Randstad begjinne in opliedingstrajekt foar wurksykjenden yn Fryslân. Minsken dy't ynskreaun stean by it UWV, kinne har fan tongersdei ôf oanmelde foar in oplieding yn de technyk of logistyk. De trije partijen selektearje 15 kandidaten. Dy krije in oplieding fan tweintich wiken, wêryn't se acht wiken staazjerinne. Dêrnei kinne se in heal jier oan de slach by in bedriuw. De kandidaten kinne kieze foar in beropsoplieding ta operator of monteur, wêrby't se in erkend MBO-diploma helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)