''Kwart fan sportklups hat it finansjeel dreech''

29 sep 2016 - 11:00

In kwart fan de sportklups yn Noard-Nederlân sit finansjeel yn swier waar. Dat docht bliken út ûndersyk fan Maurice de Hond, yn opdracht fan Nuon. Dêrmei docht it Noarden it noch relatyf goed. Lanlik leit it tal sportklups mei jildsoargen op 40 prosint. Boppedat is der yn Noard-Nederlân sprake fan in delgong fan it tal klups dat yn de problemen sit. Yn 2014 joech 39 prosint noch oan har soargen te meitsjen oer de finânsjes.

Besunigje

By 14 prosint fan de sportklups yn it noarden wurdt besunige. Dat dogge se ûnder oare troch trainingen te skrassen, de kontribúsje of de prizen yn de kantine te ferheegjen. Benammen de enerzjyrekken is in fikse kostepost foar sportklups. In gemiddelde klup is 10.000 oant 20.000 euro yn it jier kwyt oan gas en ljocht.

Nuon Club Competitie

Nuon helpt sportklups de enerzjyrekken nei ûnderen te krijen, mei de Nuon Club Competitie. Dy wurdt dit jier foar de tredde kear hâlden. It priisjild dat sportklups winne, is bedoeld foar bygelyks sinnepanielen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)