Rens Kroes nominearre foar har foodblog

29 sep 2016 - 10:50

Foodblogger Rens Kroes is nominearre foar de Food Blog Awards 2016. It is foar it earst dat dizze awards útjûn wurde. Foodbloggen, oftewol it online skriuwen oer iten, is de ôfrûne jierren hieltyd populêrder wurden. It itensierdersboek dat Rens Kroes op basis fan har blog skreaun hat stie fiif wiken lang yn de top 10 fan de bestsellerlist doe't it útkaam. Kroes is nominearre yn trije kategoryen:

- Food blog van het jaar
- Beste blog design
- Beste foodblogger kookboek (Rens Kroes ‘On the Go’)

Utrikking

De útrikking fan de awards is op 25 oktober yn it Naarderbosk yn Naarden. Kroes moat it dêr opnimme tsjin ûnder oare foodbloggers dy't harren spesjalisearre hawwe yn allergyen, yn fegan iten of yn it bakken fan traktaasjes.

Krektlyn wie der noch in stoarm fan krityk op inkele Nederlânske bloggers dy't neffens deskundigen gjin goed itensadvys jaan soene. Ek Rens Kroes waard troch presintator en kabaretier Arjen Lubach bekritisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)