Brân yn de keuken fan wensintrum Nij Ylostins

29 sep 2016 - 10:12

Even in skrikmomint yn wensintrum Nij Ylostins yn Drylts. Krekt foar tsien oere op tongersdeitemoarn kaam der in brânmelding fanút it soarchsintrum. De brân wie yn de keuken fan it kompleks oan de Ylostinsleane. De flam wie yn de panne slein. De oproppen brânwacht koe it fjoer gelokkich gau út krije wêrtroch it wensintrum foar âlderein net ûntromme hoegde te wurden.

Trefwurden: 
Nij Ylonstins brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)