Achtkarspelen skrast besunigings op iepenbier grien

29 sep 2016 - 09:55

De gemeente Achtkarspelen set de besunigings op it iepenbier grien stop, nei't hjir de ôfrûne jierren bot op besparre is. Fan takom jier ôf wurdt der wer faker meand en snoeid yn de doarpen. It nije kolleezje hat dat besletten yn it koalysje-akkoart 'Mei-inoar ien'.

''Grien is prachtich hear, mar it wie no te grien. It moat wol binnen de perken bliuwe'', seit wethâlder Jouke Spoelstra. Beamkeguod yn de gemeente wurdt net ferfong troch siergers en wurdt ek wer ûnderholden. De ynwenners krije dêr noch in brief oer fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)