Kollum: "Max Verstappen Allee yn Ljouwert"

De Toan fan Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.
Ik haw in petysje ûndertekene. Dat doch ik oars hast nea, mar no al. Der binne al tûzen oaren dy’t it ek dien hawwe, dus moat der wol in reden foar wêze. Wêr giet dy petysje dan oer? Dat sil ik jimme útlizze. De Heak om Ljouwert hinne is in moai stikje ynfrastruktuer wurden. It is in lust. Je binne út de moaie Wâlden samar yn Harns om nei in oar eilân te reizgjen, as je net nei It Amelân wolle. Oant safier gjin klachten. Mar ik moat sa no en dan wol even yn Ljouwert wêze. As je út de rjochting fan It Fean nei "De Hoofdplaats" ride, komme jo fan de fjouwerbaansdyk fia in ôfslach en in tige hippe minyrotonde samar op de saneamde Overijsselselaan. Yn It Fean hjit de âlde dyk rjochting Ljouwert gewoan de Ljouwerter Strjitwei, mar om it de Heerenveenselaan te dopen is yn 058 fansels flokke yn tsjerke, dus hawwe se mar nei in provinsjaal alternatyf sjoen. Sels witte, nuver is wol dat der in Drachtsterbrêge yn Ljouwert leit, mar klear. Yn Drachten fuotbalje se net sa goed as op It Fean. Smiley! :D
Dy Overijsselselaan leit derhinne sa't de Wâldwei der ek hinne leit. De dyk fan Ljouwert nei Drachten. Fjouwerbaansdyk sûnder flechtstreek. Tige geskikt om hûndert kilometer yn de oere op te riden dus. No, dat mei net yn Ljouwert. Jo meie der 50 kilometer. Dy hiele lange Overijsselselaan krûpe jo rjochting dy fierstente hege toer fan Abe Bonnema. Fansels is der gjin woltinkend minske dy’t him dêroan hâldt, want de dyk is ynrjochte as in gewoane dyk. De plysje wegeret der boetes út te dielen, haw ik my fertelle litten. Omdat dy ek wol sjogge dat dit in dyk is dêr’t je yn alle gefallen 70 ride meie soene.
Sûnt koart kinne jo oan echte topsport dwaan op de Overijsselselaan. Want omdat gjin kop him oan dy 50 kilometer yn de oere hâldt, hawwe se wat betocht: der stiet in ekstra stopljocht mei in frijwat nuver teken. Nei djippe bestudearring bin ik der achter kaam dat it in griene golf betsjut. As jo 50 ride, soe it sa wêze moatte dat je foar it folgjende stopljocht net hoege te wachtsjen. Itselde systeem hawwe wy yn de Wâlden al rûchwei 25 jier yn Burgum, mar dan sûnder de ekstra stopljochten om it de minsken út te lizzen.
Stopljochten binne ek überhaupt net mear fan dizze tiid, krekt as iepensteande brêgen. Beide binne yn Ljouwert spitigernôch noch folop te bewûnderjen. In minyrotonde wurket folle better om it ferkear trochstreame te litten, mar dêr is op de Overijsselselaan net foar keazen. No ergerje ik my dêr net allinnich oan, mar in soad oaren ek. Dus is der in petysje opsteld om it safier te krijen dat je 70 kilometer yn de oere ride meie. Ik bin it dêrmei iens en haw him tekene. Moandei moast ik ek even nei de stêd. Ik wie op de hinnereis yn in stimming om my folslein oan de regels te hâlden. Dus keutele ik om healwei tsienen oer de Overijsselselaan. Mei kreas 50 kilometer yn de oere. It griene golf stopljocht stuts de tomme hast nei my op, sa flink hâlde ik my oan de regels. Je meie der dan fanút gean dat it ek wurket. No, ik moast twa kear wachtsje foar de earstfolgjende ljochten, omdat der in frachtwein wat mear tiid nedich hie. Dy griene golf wurket dan net, dus waard ik wat wrantelich. Om my hinne fleagen trije auto’s troch it reade stopljocht. Op de weromreis haw ik in test dien. Tusken it earste en it twadde stopljocht moai fluch nei de 100 oplûke en ik koe krekt oanslute by de lêste auto fan de foarige searje dy’t troch it twadde stopljocht moast. Ik woe de dyk dan ek mar omdope yn de Max Verstappen Allee. Want yn stee fan feilich te wêzen, wurket de maksimum snelheid fan 50 kilometer allinnich mar averjochts. Feroarje dy 50 nei 70 kilometer mei behâld fan in griene golf. Dan kin de plysje ek kontrolearje, mar ik ferwachtsje net dat der dan noch in soad minsken te hurd ride sille. No wol.