Hendikapte frou oan har lot oerlitten yn Feanster soarchflat

28 sep 2016 - 22:03

Se fielt har swier oan har lot oerlitten, de lichaamlik beheinde Gea Prins fan It Hearrenfean. De 48-jierrige frou wennet op de njoggende etaazje yn de flat Eiland Nieuwburen, mar doe't se foarige wike tongersdei nei boppe woe mei de lift wegere dy tsjinst.

In monteur fan it liftebedriuw, Schindler, woe de frou net helpe om't syn tsjinst der op siet. Ek de wenningboukorporaasje Accolade koe dy jûn neat foar har betsjutte. Pas djip yn 'e nacht koe de oproppen plysje de frou helpe.

Yn it gebou wenje minsken dy't yn saneamde ADL-kluster wenten wenje. Dat betsjut dat bewenners sels de rezjy hâlde oer it wenjen, mar 24 oeren deis help krije kinne. De soarch yn it gebou wurdt levere troch stichting Fokus.

Frou Prins is benammen lilk oer it feit dat der mar ien lift is yn in gebou dêr't 56 apparteminten sitte mei minsken dy't soarch nedich hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)