FNP stipet sikehûs Sionsberg mei 'sûnensappeltsjes'

28 sep 2016 - 21:49

De steatefraksje fan de FNP stekt personiel en besikers fan it sikehûs Sionsberg yn Dokkum in hert ûnder de riem. De partij sil kommende moandei in aksje hâlde by it sikehûs. De FNP'ers sille op lokaasje biologyske 'sûnensappeltsjes' útdiele. Se wolle hjirmei sjen litte dat se alle fertrouwen hawwe yn de Sionsberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)