Amazône Rixt van der Horst wurdt snein huldige yn Grou

28 sep 2016 - 21:19
  • Rixt van der Horst (rjochts) mei har brûnzen medaille op de Paralympyske Spelen yn Rio
  • Rixt van der Horst mei it hynder Caraat op de Paralympyske Spelen yn Rio

Amazône Rixt van der Horst wurdt oankommende snein huldige yn har wenplak Grou. Van der Horst behelle op de Paralympyske Spelen yn Rio trije medaljes, ien kear sulver en twa kear brûns. Se wurdt middeis thús ophelle troch in koets mei Fryske hynders, wêrmei't se in rûnrit troch it doarp makket.

De huldiging is om healwei trijen by Hotel Oostergoo, dêrnei is der romte om de suksesfolle paralympiër te lokwinskjen mei har prestaasjes yn Rio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)