Tehûs foar probleemgesinnen iepenet yn Goutum

28 sep 2016 - 20:48

In gesinsferfangend tehûs foar jonge probleemgesinnen wurdt tongersdei iepene yn Goutum, by Ljouwert. It "Kien moeder en kind-huis" is foar gesinnen wêrfan't de âlden bygelyks in ferstanlike beheining hawwe of psychiatryske problemen. Eigeners Gerwin en syn frou Minke begûnen yn maaie al mei de opfang, mar tongersdei is de offisjele iepening.

By âlden dy't in ferstanlike beheining hawwe of psychiatryske problemen kin it berntsje yn it slimste gefal út hûs pleatst wurde. Om te sjen oft der noch in oare oplossing is, begûn de famylje Van Dam dizze opfang. De famylje docht dat yn itselde hûs dêr't se sels ek wenje. Der wenje op it stuit 6 gesinnen by harren. Net allinnich mar memmen mei bern, der binne ek twa heiten by.

Dizze wize fan opfang fan probleemgesinnen bestiet noch net yn Fryslân. Wylst der wol behoefte oan is neffens inisjatyfnimmer Gerwin van Dam, benammen omdat in úthûspleatsing fan in berntsje hiel heftich is, "Het was of daar blijven wonen met hulp, of weg. En die tussenvorm waarin we kunnen onderzoeken hoe veilig het eigenlijk is en hoeveel de vader of moeder nog kan leren, die ontbrak."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)