UPDATE: Man komt om nei oanriding mei shovel by dongbedriuw

28 sep 2016 - 21:41

By in ûngelok op it terrein fan it dongferwurkingsbedriuw Agricompost BV oan de Broekloane yn Wâlterswâld is woansdeitejûn in 39-jierrige man út it Noard-Brabânske Woudrichem om it libben kaam. It slachtoffer waard troch in shovel oanriden en ferstoar op it plak fan it ûngelok.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak en ûnderfreget tongersdei de bestjoerder fan de shovel. Yn ferbân mei it ûngelok is de arbeidsynspeksje op 'e hichte steld en foar meardere minsken is slachtofferhelp regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)